As waarmte in gesicht hat, dan liket it op dy fan de MANN’.
Ea wienen wy jonges. Fris, fol fjoer en mei wylde plannen. Wy sjongden en dûnsen lykas in jong Frysk hynder dat eindlik wer nei búten mei. Ek doe, tsien jier lyn, fielden wy al as famylje; of miskien kaam dat troch de ‘famylje pizza’ dy’t wy altyd bestelden op de repetysje jûnen. Wy wûnen yn 2018 it frysk ferskesspektakel LIET mei it nûmer ‘Yn frijheid kinsto libje’.WA BINNE DE MANN’?

FREERK SIEMEN
Sjongen en gitaar
In gefierd muzikant dy’t it libben fiert. By de Mann’ is hy te plak, hjir komt hy thús.

JOHANNES
Sjongen en gitaar
Blond en lang. Gjin solo optredens foar dizze jonge, mar wol optredens mei solo’s. Meloadyske fridelerijtsjes.

BRUNO
Sjongen, bas, gitaar
Dizze jonge hat net ien, mar twa herten. En se dogge it ek nochris beide! Alles wat Bruno docht kloppet.

DURK
Drums en sjongen
‘Ik fill my hearlik’ is wat ús drummer altyd seit. Fan sêfte drumroffels oant rûche bekkenkletsers, Durk fielt de muzyk!
WAT
WY
DOGGE

Húskeamer konserten
Op’e flier, hast tusken it publyk. Dat is it plak dêr’t de mann’ goed ta harren rjocht komme. Somtiden mei fiif minsken yn’t it publyk en soms mei fyftich – altyd yntym en rjocht ta it hert. Faaks op sneintemiddei, in unyk barren!
MEAR YNFORMAASJE

Podia optredens
Hjir mei de fersterker fan ús elektryske gitarist krekt wat lúder en kin Durk de stokken mei noch mear pasje delkomme litte. Hannich as it publyk wol hiel grut wurdt. Yn dizze formaasje hawwe wy wat minder praatsjes en wat mear muzyk.
MEAR YNFORMAASJE

Tún konserten
Mei de sinne op’e holle en in kofje yn’e hân op in waarme sneintemiddei mei de mann’ yn dyn tún. Dat liket ús wol wat. Dy ek?
MEAR YNFORMAASJE
Muzyk seit mear as 1000 wurden….
KONTAKT
Wolle jo mear ynformaasje oer de MANN’ of wolle jo ús boeke foar in opreden?
Nim dan kontakt op mei úndersteand kontaktformulier.